Goed 4 miljoen tekoart foar Tytsjerksteradiel

04 okt 2019 - 15:39

De gemeente Tytsjerksteradiel skriuwt oer 2019 in tekoart fan 4,3 miljoen euro. Earder ferwachte de gemeente al in negatyf saldo fan in lytse 3 miljoen euro, mar de útjeften yn it sosjaal domein binne grutter wurden.

Gemeente Tytsjerksteradiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Mei dy hegere útjeften wie al in bytsje rekken holden. De gemeente hat wol ekstra jild fan it Ryk krigen foar it sosjaal domein, mar dat is net genôch om alle ekstra kosten te dekken.

Yn de begrutting foar 2020 komt de gemeente mei foarstellen om ta in slutende mearjierrebegrutting te kommen. Dat is neffens ôfspraak tusken de provinsje en gemeenten.

(advertinsje)
(advertinsje)