Tûzen sinnepanielen foar Antonius sikehûs yn Snits

It dak fan it Antonius sikehûs yn Snits komt ynkoarten fol te lizzen mei sinnepanielen. Der wurde yn novimber yn totaal 996 eksimplaren op it dak oanbrocht.
It Anotnius Sikehûs yn Snits © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It sikehûs krijt in spesjale subsydzje om it projekt betelje te kinnen. De sinnepanielen moatte yn totaal 256 MWh yn it jier opsmite. Dat komt del op in enerzjyfoarried dy't hast hûndert húshâldens foarsjen kinne soe. Dochs is it mar fjouwer prosint fan it totaal oan stroom dat nedich is yn it sikehûs. De oare stroom wurdt 'grien' ynkocht.
It wurk oan de nije sinnepanielen moat dizze moanne úteinsette, en yn novimber klear wêze.