Fragen yn de Steaten oer beslút om gjin jild te jaan foar Kanadeeske feteranen

04 okt 2019 - 15:11

De PvdA yn Provinsjale Steaten wol mear dúdlikheid fan it kolleezje oer it beslút om gjin jild te jaan oan in projekt mei Kanadeeske feteranen. Inisjatyfnimmers wolle de feteranen wer nei Fryslân helje om 75 jier frijheid te fieren, mar se krije dêr gjin jild foar.

Feteraan Don White yn Ljouwert yn 2018 - Foto: Lucas Kemper

"Miskien is it wol de lêste kear dat we feteranen by sa'n grutte fiering earje kinne", seit Marijke Roskam fan de PvdA. Deputearre Steaten hat by it ferdielen fan subsydzje foar projekten yn it ramt fan 75 jier frijheid keazen foar oare projekten. Se sizze dat it weromheljen fan feteranen net fernijend genôch is.

Skiednis tige learsum

Roskam is it net iens mei dy kar: "De ympakt fan de ferhalen fan de feteranen is safolle grutter as sy dy sels fertelle kinne." By de betinking fan Operatie Market Garden, earder dit jier, wiene der ek in soad feteranen oanwêzich. "Dan sjogge je dat it troch tsjûgen oerdragen fan skiednis tige learsum wêze kin."

De partij wol no fan Deputearre Steaten witte oft sy ek fine dat der safolle mooglik feteranen nei Fryslân komme moatte foar de fiering fan 75 jier frijheid.

(advertinsje)
(advertinsje)