Reek- en wetterskea troch brân yn wenhûs Sint-Anne

04 okt 2019 - 14:55

Yn in wenhûs oan de Evert Slimstraat yn Sint-Anne hat freed brân west. De brânwacht wie gau teplak en koe foarkomme dat it hûs ôfbrânde.

Foto: Srfotografie

Der is wol reek- en wetterskea, benammen op de ûnderste ferdjipping. De bewenners koene der op tiid útkomme. Sy binne opfongen yn de buert. Hoe't de brân ûntstean koe is noch net bekend.

Trefwurden: 
brân Sint-Anne
(advertinsje)
(advertinsje)