"Fryske starter moat by earste keaphûs sels 40.000 euro meinimme"

04 okt 2019 - 14:49

Minsken dy't yn Fryslân in earste hûs keapje wolle, moatte oer it algemien mear as 40.000 euro sels meinimme. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan Independer. It byld wurdt lykwols fersteurd troch de ekstreem hege eigen bydrage op de Waadeilannen.

Keapwenningen - Foto: Omrop Fryslân

By it keapjen fan in hûs moat der eins altyd eigen jild meinommen wurde. Sûnt 2018 finansiere hypoteekferstrekkers maksimaal hûndert persint fan de wearde fan in keaphûs. Ekstra kosten, bygelyks de oerdrachtsbelesting of de taksaasje, moatte troch de keaper sels betelle wurde.

Eigen jild meinimme

In starter dy't 36.000 euro fertsjinnet, moat by in keaphûs yn Fryslân, nettsjinsteande de oerflakte, sels sa'n 44.877 euro meinimme. Mar dat komt benammen troch de hege prizen op de Waadeilannen. Op Flylân (93.000), Skylge (134.000), It Amelân (104.000) en Skiermûntseach (61.000) lizze de eigen bydragen folle heger as yn bygelyks Súdwest-Fryslân (6.000), Ljouwert (6.000) of Waadhoeke (5.500).

Op de webside fan it ûndersyksburo binne de resultaten fan alle gemeenten yn Nederlân werom te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)