Cambuurferdigener Jordy van Deelen kin tsjin âlde klup perioade pakke

04 okt 2019 - 14:29

Cambuur kin freedtejûn de alderearste priis fan dit seizoen binnenhelje. As de konkurrinsje punten ferspilet en Cambuur wint sels fan Excelsior, dan is de earste perioadetitel binnen. Ien dy't alles wit fan Excelsior, is Cambuurferdigener Jordy van Deelen.

Net allinnich makke Van Deelen sân jier lyn syn debút yn it betelle fuotbal foar Excelsior, syn freondinne is de presintatrise fan it Excelsior Sjoernaal. "Maar ze is nu even voor Cambuur!", seit Van Deelen.

2017 lêste kear

Boppedat is Van Deelen de iennige Cambuurspiler dy't derby wie, de lêste kear dat de Ljouwerters in perioadetitel pakten. Op 21 april 2017 wiene de Ljouwerters yn in galafoarstelling mei 5-0 te sterk foar RKC Waalwijk.

Dizze freed kin it dus wer safier wêze. En dat is knap, sjoen it programma. Sa ha de Ljouwerters de konfrontaasjes mei titelkandidaten De Graafschap en NAC Breda al efter de rêch. Dat binne de iennige twa wedstriden dy't Cambuur oant no ta ferlear, de oare seis waarden allegear wûn.

It folsleine ynterview mei Jordy van Deelen:

Cambuur tsjin Excelsior is de Wedstriid fan 'e wike by Omrop Fryslân. It duel set freedtejûn om 20.00 oere útein en is live te folgjen op de radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar. Yn de studio hâldt presintator Roelof de Vries de konkurrinsje fan Cambuur yn de gaten. De grutste konkurrint is NAC Breda en as dêr wat bart yn de wedstriid tsjin NEC, fertelt Fabian Eijkhout fan Omroep Brabant dat. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan it duel, mei ek de reaksjes nei ôfrin.

(advertinsje)
(advertinsje)