Autocross Blauhûs giet snein net troch, seizoen foarby

04 okt 2019 - 14:08

De autocross by Blauhûs giet snein net troch, want it fjild is te wiet. Der komme gemiddeld sa'n 3.000 oant 5.000 minsken op de races ôf. De wedstriid by Blauhûs wie de lêste fan it seizoen fan de Friese Autocross Club (FAC) en sil net mear ynhelle wurde.

Autocross (stockfoto) - Foto: Omrop Fryslân

De ûnferwachtse reinbui fan freedtemoarn is de grutte kweadogger. "Dat wie in bêsten ien. It fjild is no sa wiet wurden, dat drûget net mear op foar snein", seit Meindert Acda fan de organisaasje. It giet dan om de parkearfjilden yn it lân foar de tûzenen ferwachte besikers, mar ek it saneamde 'rennerskwartier' stiet splis. Dit is it plak foar de koereurs, dy't faak mei grutte frachtweinen komme.

Omdat de wedstriid net ynhelle wurdt, binne de koereurs dy't no boppeoan steane kampioen.

Trefwurden: 
Blauhûs autocross FAC
(advertinsje)
(advertinsje)