Kabinet komt freed mei stikstofoplossing, mar bousektor hâldt soargen

04 okt 2019 - 14:03

It kabinet hat oankundige freed mei in oplossing foar de stikstofproblematyk te kommen. Dochs ha boubedriuwen dêr net al te folle fertrouwen yn. "It is in oplossing foar lytsere projekten", seit Marten Cornel, bestjoerslid fan belange-organisaasje Bouwend Nederland. "It kin wol moannen duorje foardat der mear dúdlikheid is."

En dêrfoar hat de bousektor eins gjin tiid. "Elke moanne dy't we ferlieze, is ien te folle yn myn belibbing." As der net gau in oplossing komt foar de ympasse, dan driget der ûntslach foar tsientûzenen boufakkers. "Dat beëanget my ek", seit Cornel.

Gjin plannen en gjin fergunningen

"As we no neat dogge, dan komt de mûne stadichoan ta stilstân", is syn foarsizzing. "Want dan komme der gjin nije plannen en gjin fergunningen. Dan ha we aanst in gat fan alle moanne dat we no neat dogge."

En dus moat de polityk yn Den Haag wat dwaan, fynt Cornel. "Dit moat adekwaat oppakt wurde en it mei net te lang duorje. Se sizze dat der dochs wol wurk is yn de bou. Dat is ek wol sa, no noch wol. Mar as der neat bart, dan ha we aanst in gigantysk gat. Foar in hiel grut diel fan it wurk dat we útfiere, is in fergunning foar nedich. Al dat wurk leit stil. Ik tink ek dat it minsken ek eangstich makket om nije plannen te ûntwikkeljen. Dat set in gigantyske rem op de ekonomyske ûntwikkeling dy't we de ôfrûne pear jier hân ha."

Ferliking mei krisis 2008

Cornel seit dat er gjin pessimist is, mar hy is wol benaud foar deselde gefolgen as mei de grutte krisis yn 2008. "As der net mear tempo wurde makket, dan kin it hiel hurd opdrûgje. Dit freget liederskip. Hoe belangryk fine se de bedriuwstak?"

Foto: ANP

Marten Cornel

Hoe sit it ek alwer mei de stikstofkrisis?

De Ried fan Steat hat foar de simmer oardiele dat Nederlân him net oan de Europeeske stikstofregels hâldt. Binne der aktiviteiten dêr't stikstof by frijkomt yn de buert fan kwetsbere natuergebieten (Natura2000), dan moat de útstjit kompensearre wurde. Der is lykwols yn de rin fan de jierren in systeem ûntstien wêrmei't stikstof op kredyt útstjitten wurde mocht. It soe wol goed komme mei de stikstof, sa rekkene men, om't auto's bygelyks skjinner wurde soene yn de takomst.

Mar de útstjit naam just ta. No lizze der in soad projekten stil om't Nederlân in lyts lân is en der dêrom faak in soad stâlen, wenwiken, yndustry en diken yn de buert fan natuergebieten lizze.

Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)