Freedsmerk oer boereprotest: "Schiphol blokkearje, dat helpt!"

It wie de wike fan it grutte boereprotest yn Den Haag. It hat de boeren in soad omtinken en goodwill opsmiten, mar de fraach is wol hoe't it no fierder moat. Earst de polityk oan it wurd litte of trochpakke mei mear aksjes? Op de Ljouwerter freedsmerk rûnen de mieningen bot útien.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Neffens guon is dit ít moment om troch te setten: "De startbaan by Schiphol blokkearje, dat helpt ek!" Oaren wiene benaud dat soks krekt ferkeard útpakke sil: "Voor je het weet heb je dezelfde reputatie als de Franse boeren. Dat moet je niet willen!"
De bakker op de freedsmerk ferwiisde nei it stek dêr't de trekkers dwers troch hinne riden. "As se soks by Schiphol dogge, rint dat oars ôf, bin ik bang." In klant by de grienteboer fertelde dat er faak mei weemoed weromtinkt oan it boerespultsje fan syn beppe. "Lytsskalich, dy kant moatte we wer op. Dêr wol ik dan ek bêst wat mear foar betelje."
By oaren oerhearske it synisme: "Hast dy politisy wol sjoen op dat toaniel? Se prate de boeren nei de bek. Zo de wind waait, waait mijn jasje!" En: "Nee, de boeren binne écht noch net klear. Op Facebook seach ik dat se al wer klearsteane foar nije aksjes." In oar sei: "Se ha respekt foar de boeren. En foar de trekkers!"
Ferslachjouwer René Koster hifke de mieningen op de freedsmerk oer it boereprotest