Gjin ekstra beskerming bern by demonstraasjefergunningen Noardeast-Fryslân

04 okt 2019 - 12:44

Der wurdt yn de gemeente Noardeast-Fryslân net ekstra omtinken jûn oan de feiligens fan bern, yn it opstellen fan fergunningen foar demonstraasjes. Dat hat de ried tongersdei bepaald.

Foto: Omrop Fryslân

De moasje kaam fan de FNP-fraksje yn de ried en waard stipe troch Gemeentebelangen. Se wolle dat der mear omtinken komt foar bern, as der in fergunning oanfrege wurdt foar in demonstraasje. Dy soene neffens de partij beskerme wurde moatte tsjin eventueel ferbaal of fysyk geweld dat plakfine kin. Dêrby tinkt de partij net allinnich oan protesten lykas de anty-swartepitedemonstraasje yn Dokkum, mar ek oan demonstraasjes by ûnderwerpen lykas enerzjytransysje.

Mei de moasje woe de FNP de boargemaster ekstra slachkrêft jaan by eventuele kalamiteiten. Mar der wie gjin mearderheid foar it foarstel. "Wij hebben wel betere dingen te doen", sei de VVD-fraksje. Ek it CDA woe de moasje net stypje. "As it safier komt, kinne wy altyd noch in moasje yntsjinje", wie harren redenaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)