Ljouwert wol net mear of minder festivals: "Wat foar stêd wolle wy wêze?"

04 okt 2019 - 12:29

De gemeente Ljouwert sit yn in spagaat: mei oan de iene kant festivals dy't nei Ljouwert komme en oan de oare kant omwenners dy't der oerlêst fan ha. De balâns fine tusken beide blykt dreech te wêzen. Al jierren is de gemeente dwaande, mar der is noch hieltyd krityk dat der gjin dúdlik belied is. Wol is der ien saak dúdlik: minder festivals is net de bedoeling, mar ek net mear.

De band Opeth op Into the Grave 2019 - Foto: Omrop Fryslân, Robea Kleisma

It tal festivals dat no organisearre wurde by de Aldehou, Griene Stjer en it Saailân (Wilhelminaplein) bliuwt foarearst itselde, seit wethâlder Sjoerd Feitsma. "Mar miskien wurdt it wol oars. As gemeente ha wy neitocht oer wat foar stêd wy wêze wolle. Wat is no it imago fan Ljouwert? En dêr passe sommige festivals wol by en sommige net."

Wethâlder Sjoerd Feitsma oer de festivals yn de gemeente Ljouwert

Dat imago moat neffens Feitsma wêze dat Ljouwert de haadstêd is foar elkenien en dat der dus ek foar elkenien wat wêze moat. "Der binne stêden yn it lân dy't gjin dancefestivals ha wolle", seit er. "Dêr komt in hiel soad jongerein op ôf en it is in bulte kabaal. Wy ha as Ljouwert sein: wy wolle dat soarte fan eveneminten ek wol ha. Der komt in hiel soad Fryske jongerein op ôf en wy fine dat wy foar dy doelgroep ek de haadstêd binne."

Gedoch mei fergunningen

De grutte stiging fan it tal festivals hat yn de ôfrûne jierren laat ta gedoch mei fergunningen, klachten fan omwenners en rjochtsaken. Neffens organisatoaren fan Welcome to the Village en Into the Grave is it in grut boekwurk dat se alle jierren opnij ynleverje moatte en soarget it derfoar dat se beheind wurde troch regels fan de gemeente.

De gemeente is dêrom dwaande mei it standerdisearjen fan it fergunningesysteem. In evenemint soe dan in basisfergunning krije of in fergunning foar mear jierren, sadat se net alle jierren safolle wurk derfan ha.

(advertinsje)
(advertinsje)