100 oeren wurkstraf direkteur slachthûs Drachten foar mishanneling NVWA-ynspekteur

De eigener fan slachthûs Abattoir Drachten hat freed in wurkstraf fan 100 oeren krigen foar it mishanneljen fan in feedokter fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA). Dêrfan binne 50 oeren ûnder betingst. De dieder, in 41-jierrige ynwenner fan De Westereen, moat ek 1.200 euro oan smertejild betelje oan de feedokter.
© ANP
De man wurke yn april dit jier de froulike NVWA-ynspekteur twa kear tsjin de grûn, doe't se in ko mei in abses ûndersykje woe. It slachtoffer rûn in bult op 'e holle en in skaafde earmtakke op. De Westereender seit dat de frou fuortrûn wie en in hek iepen stean litten hie. "Yn panyk ha ik har fuortlutsen", seit er.
Dêrop hat de NVWA de fergunning fan it slachthûs ynlutsen. Abattoir Drachten leit al langer ûnder in fergrutglês: yn 2017 en 2018 krige de direkteur boeten fan 2.000 en 3.000 euro, omdat er kreupele en sike kij slachte. Nei in petear mocht it slachthûs yn maaie wer oan de slach.

Noch hieltyd benaud

De feedokter sit thús. Se doart net mear oan it wurk en sit yn terapy. Doe't de man har oanfoel yn april, hie se it gefoel dat se foar har libben fjochtsje moast. Se is noch hieltyd benaud foar de fertochte. Dy seit dat er hopet dat sy har gau better fielt.