Cambuur kin perioadekampioen wurde, dit binne de senario's

04 okt 2019 - 11:45

Sportklup Cambuur kin freedtejûn perioadekampioen wurde. Dat ha de Ljouwerters net yn eigen hannen, want konkurrint NAC moat punten ferspylje. En dan spilet De Graafschap ek noch in rol. Omrop Fryslân folget it op de foet en set de senario's op in rychje.

Foto: www.orange-pictures.nl

De winner fan de perioadetitel is wis fan de neikompetysje om promoasje nei de earedifyzje. It smyt finansjeel ek noch wat op: 50.000 euro.

De senario's

As de ploech fan Henk de Jong ferliest, dan is de perioadetitel yn alle gefallen út sicht. By in lykspul meitsje de Ljouwerters noch in kânske, mar dan moat NAC Breda ferlieze fan NEC en mei De Graafschap ek net winne.

Stân boppeyn

Punten Foar - tsjin
1. NAC Breda 19 14 - 5
2. SC Cambuur 18 20 - 6
3. De Graafschap 18 17 - 4
4. Excelsior 16 19 - 13

Dit is it programma fan de kânshawwers op de perioadetitel. Alle wedstriden sette freedtejûn om 20.00 oere útein.

NAC Breda - NEC
SC Cambuur - Excelsior
De Graafschap - Almere City

NAC koprinner

NAC Breda stiet der it bêste foar. De koprinner spilet thús tsjin NEC. As NAC punten ferspilet en Cambuur wint, dan helje de Ljouwerters NAC yn op de ranglist. Dan is Cambuur noch net wis fan de perioadetitel trouwens, want De Graafschap hat likefolle punten. As dy folle dikker winne as Cambuur, dan pakt De Graafschap de perioadetitel.

En der is sels noch in kânske op in beslissingswedstriid. As Cambuur mei 1-0 wint en De Graafschap mei 4-2, dan ha se likefolle punten en presys itselde doelsaldo. Itselde is it gefal as Cambuur wint mei 2-1 en De Graafschap mei 5-3, bygelyks. Mocht dat it gefal wêze, dan komt der in beslissingswedstriid tusken Cambuur en De Graafschap.

Ekstra omtinken op de radio

SC Cambuur - Excelsior is de Wedstriid fan de Wike by Omrop Fryslân. Ferslachjouwer Andor Faber sit yn it stadion en docht freedtejûn live ferslach op de radio fan 20.00 oere ôf. Mar dat is net alles: yn de studio hâldt presintator Roelof de Vries de konkurrinsje fan Cambuur yn de gaten. De grutste konkurrint is NAC Breda en as dêr wat bart yn de wedstriid tsjin NEC, fertelt Fabian Eijkhout fan Omroep Brabant dat.

It is online ek allegear te folgjen by Omrop Fryslân yn in liveblog. En sneon yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan it duel tsjin Excelsior.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Excelsior
(advertinsje)
(advertinsje)