It âldste hûs fan Ie hat ien fan trije gevelstiennen werom

29 sep 2019 - 11:26

Eltsenien dy't by de Omgong 12 yn Ie del kuieret, kin no wer sjen dat de wente yn 1613 boud is. De gevelstien fan it hûs is nei twa jier krewearjen troch húseigeners Paul Boersma en Sjoeke van der Meer sneon wer werom pleatst. Der misse no noch twa.

Hûseigner Paul Boersma mei de gevelstien - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De stien wie fan it Fries Museum en lei yn in depot yn Nuis. Yn 1926 binne by in ferbouwing fan de gevel trije stiennen ferdwûn. Ien mei in iepen skjirre derop is ynmitsele yn in muorre fan in Ljouwerter wente, oan de Grote Kerkstraat en ien mei in 'W' derop is noch net werom fûn.

Mar de stien mei it jiertal is úteinlik mei tastimming fan it museum yn july werom kaam nei Ie. De Historische Vereniging Noordoost-Friesland hat noch besocht de stien mei de skjirre werom te krijen, mar dat is net slagge.

De wente dêr't de stien no yn werompleatst is, is de âldste fan it doarp. Eigener Boersma wol noch op syk nei de fermiste stien mei de 'W' der op. "Maar men zegt dat die waarschijnlijk tot gruis is verpulverd, zoals dat wel vaker gebeurde in die tijd", seit Boersma. Syn hûs is it berteplak fan de Fryske skiednisskriuwer Foeke Sjoerds (1713-1771).

Trefwurden: 
Fries Museum Ie gevelstien
(advertinsje)
(advertinsje)