Undersyk nei gefolgen stopsetten sâltwinning Frisia by Easterbierrum

De bestjoerskommisje Frjentsjerteradiel-Harns wol witte oft it beslút fan Frisia Sâlt om op te hâlden mei sâltwinning by Easterbierrum ek gefolgen hat foar de gebietsûntwikkeling yn Noardwest-Fryslân. No't Frisia earder ophâldt mei de sâltwinning, sil de boaiemdelgong nei alle gedachten minder grut wêze en wurde mooglik net alle maatregels fan de bestjoerskommisje útfierd.
Sâltwinning fan Frisia by Easterbierrum © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De bestjoerskommisje fiert maatregels út om de gefolgen fan gas- en sâltwinning yn it gebiet te kompensearjen. Bygelyks troch sleatten en fearten te ferbreedzjen of brêgen op te heegjen.
Foarsitter Hepke Bijma fan de bestjoerskommisje Frjentsjerteradiel-Harns: "Wy binne mei in plan dwaande en ha 85 prosint fan de maatregels útfierd. It is no noch pril om te sizzen hoe't it der allegear presys út komt te sjen. Dêr binne we de kommende tiid mei dwaande om dat yn byld te krijen. Sa't it no is, as wy gjin neiere gegevens ha, dan fiere we it gewoan út sa't we it ek fan plan binne."

Boaiemdelgong oars

Neffens Bijma is de boaiemdelgong by sâltwinning oars as by gaswinning. "By sâlt is it yn de regel sa, teminsten dat hat oant no ta alle kearen sa west, dan gong de boaiemdelgong as se opholden te winnen noch in hiel lyts bytsje troch. Dat stelde eigentlik net folle foar en it soe wêze kinne dat dat hjir ek sa wie, mar dat moatte we dus noch ôfwachtsje." Der wurde geregeld seismyske mjittingen dien, seit Bijma.
De bestjoerskommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan ûnder mear Wetterskip Fryslân, de gemeenten Waadhoeke en Harns, doarpsbelangen en lân- en natuerorganisaasjes. Ein 2019 hoopje se dúdlikheid te hawwen oer de gefolgen fan it stopsetten fan de sâltwinning.
Foarsitter Hepke Bijma fan de bestjoerskommisje Frjentsjerteradiel-Harns