Jos ferhuze om smoarge lucht fan Rotterdam nei Skylge: "Van de hel in de hemel"

04 okt 2019 - 10:53

Hieltyd mear minsken ferhûzje nei regio's lykas Fryslân foar in skjinnere lucht. Dat docht bliken út in peiling fan it Longfonds. Ien fan harren is Jos Wesdijk: sy ferhûze fan Rotterdam nei Skylge. "Ik heb er nog geen seconde spijt van gehad."

Foto: ANP

Wesdijk hie in protte lest fan de smoarge lucht yn Rotterdam: "Ik zat in een scootmobiel, omdat ik vanwege de benauwdheid niet meer kon lopen. Eigenlijk kon ik niets meer." Alles feroare doe't se mei fakânsje wie op Skylge, trettjin jier lyn. "Na twee dagen merkte ik dat ik minder medicijnen gebruikte en minder benauwd was. Dus toen de kans zich voordeed, ben ik verhuisd. Dat is nu 4,5 jaar geleden."

Gjin dreech beslút

Ferhûzje nei it waadeilân wie gjin dreech beslút foar Wesdijk. "Ik had zes uur hulp per week, ik kon eigenlijk niets meer doen. Alleen maar mensen thuis ontvangen. Ik was ten einde raad. En vanaf het moment dat ik hier ben gaan wonen, gaat het alsmaar beter."

Rotterdam of Skylge, foar Wesdijk is it in wrâld fan ferskil. "Je komt van de hel in de hemel. Ik heb bijna 25 jaar in een scootmobiel gezeten, ik kon nog geen 100 meter lopen. Nu loop ik 15 kilometer per dag buiten, elke dag. Ik vind het nog steeds een wonder. Ze zeiden eerst: je wordt geen 30 jaar. En nu ben ik 68."

Ik heb tegen iedereen in Rotterdam gezegd: sorry jongens, je zult mij niet meer zien.

Jos Wesdijk

Werom nei Rotterdam sjocht Wesdijk net sitten, mar dat hoecht om har ek net. "Ik ben een keer terug geweest. Dat was omdat ik er niet onderuit kon. Maar ik heb wel tegen iedereen gezegd: sorry jongens, je zult mij niet meer zien. Of je moet naar Terschelling komen."

Mear as hûndert minsken soene op it stuit leaver hjoed noch as moarn ferhúzje wolle nei in plak dêr't de luchtkwaliteit better is, lykas yn Fryslân. Fynstof en stikstofdiokside yn de lucht feroarsaakje ûnder oare longkanker, astma, COPD en hert- en iersykten, of meitsje it slimmer. Jierliks ferstjerre goed 11.000 Nederlanners te betiid troch luchtfersmoarging.

"Eigenlijk is het belachelijk", seit Wesdijk oer minsken dy't ferhûzje 'moatte' fanwege de smoarge lucht. "Maar als er niets verandert, dan moet je wel verhuizen. Je zult steeds meer vluchtelingen krijgen."

Dêrom moatte der saken feroarje. "Kijk naar al die jongeren bij de klimaatmars." Sy jouwe it goede foarbyld, fynt Wesdijk. "Niet alleen maar aan economische belangen denken, maar ook aan al die individuele personen die problemen met hun luchtwegen hebben. Die kunnen grotendeels worden voorkomen. Niet helemaal, maar het kan een stuk beter."

Jos Wesdijk

(advertinsje)
(advertinsje)