Epke Zonderland noch net fit foar WK turnjen

04 okt 2019 - 09:08

Turner Epke Zonderland wie tongersdei nei de training foar it WK yn Stuttgart noch net tefreden oer syn prestaasjes. Neffens de turner is er noch hieltyd net fit. De Nederlânske ploech hopet op it WK in ticket foar de Olympyske Spelen fan takom jier yn Tokio te bemachtigjen.

Foto: NOS

De Nederlânske turnmanlju hoege moandei pas yn aksje te komme, en witte fuort dêrnei al oft harren misje slagge is. It lette tiidstip wie neffens Zonderland ien fan de redenen dat de training noch net lekker rûn, mar moandei moat er ek let yn aksje komme, pas om 19.30 oere.

Zonderland turne by de training in brêge-oefening en in oefening oan de rekstôk. Hjirby die er ien kombinaasje fan de flechteleminten, de Cassina-Kovacs en de Kolman los. "De komby fielde yn alle gefallen goed oan", seit de turner. "Mar mei dizze ôfsprong fersmite je in punt. Lokkigernôch haw ik noch in tal dagen ekstra."

Trefwurden: 
WK Epke Zonderland turnjen
(advertinsje)
(advertinsje)