ProRail pakt monumintale perronkappen op stasjons oan

04 okt 2019 - 09:01

ProRail sil de kommende tiid monumintale perronkappen en stasjonsdielen fan getten izer oanpasse oan de moderne tiid. It wurk wurdt útfierd op ûnder oare de treinstasjons yn Ljouwert, Harns en Grins. Yn Ljouwert is in diel fan de oerkaping al fuorthelle.

It stasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Neffens ProRail binne de perronkappen út de 19e en begjin 20e iuw net langer berekkene op it hjoeddeistige gebrûk. Dêrneist wurde oare easken oan de konstruksjes steld, ûnder oare fanwege de klimaatferoaring.

ProRail wol it histoaryske útgongspunt fan de stasjons behâlde, mar wol se ek duorsum meitsje troch bygelyks sinnepanielen oan te lizzen. De organisaasje ûnderhâldt 400 treinstasjons yn Nederlân, wêrfan't 350 perronkappen ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)