FIDEO: "De soldaten hiene persoanlik gjin hekel oan inoar"

04 okt 2019 - 09:00

Anne van Schepen wurket al acht jier as frijwilliger by het Kazemattenmuseum. It minsklike aspekt fan de striid op de Ofslútdyk is wat him oansprekt. Wa wiene de soldaten dy doe striden hawwe? En hoe is it mei harren ôfrûn? Anne mei der graach oer fertelle.

De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.

(advertinsje)
(advertinsje)