Kollum: "Boeren, boargers en labbekakken"

04 okt 2019 - 08:30

"Wy libje yn in ûnbeheinde wrâld, want alles is mooglik en alles is te krijen. En wat we ha wolle, wolle we rap! No bestelle is moarn yn 'e hûs en hoechst de doar net iens mear út. We kinne in oerfloed oan produkten bestelle en ús te barsten frette sûnder datst fan de loaie reet ôf hoechst te kommen.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Ik stean wolris yn 'e supermerk foar in skap en dan begryp ik net dat we oeral safolle fan ha moatte, want úteinlik keapje de measten neffens my dochs hast altyd itselde. En dêr komt by dat hieltyd mear lju gjin idee ha wêr't al dat iten weikomt en wat it mei dyn liif docht. It wurdt domwei kocht, klearmakke en opiten en dat hiele proses kin binnen it oere wol dien wêze.

Oan 'e oare kant binne der ek hieltyd mear saneamde 'bewuste' en 'ferljochte' minsken dy't miene dat se bepale kinne wat in oar ite moat en tagelyk de boeren ek wol efkes op 'e pynbank nimme sille. Ik seach lêst in útstjoering fan Yvon Jaspers mei in hinneboer dêr't aksjefierders stikem filme hiene, mar se lieten net sjen hoe't de werklike sitewaasje wie. De boer wie de lul, wylst dy hinnen it better hiene as yn in trochsneed suterich selsmakke hinnehok by de gewoane boarger.

Der wurdt ek fûn dat kealtsjes by de mem bliuwe moatte, want dat heart sa. Mar hoe sit it dan mei ús eigen bern dy't hjoeddeis al wit hoe betiid by de opfang troch de doar skood wurde? Hoefolle bern wurde noch grutbrocht by en troch de eigen âlden? En hoefolle hûnen sitte der wol net yn in bench, fûgels yn in koai of fisken yn in kom?

Der binne safolle minsken dy't folslein gjin idee mear hawwe wat de realiteit is en ik tink dat no krekt de boeren, en lju dy't opgroeid binne op it plattelân, dat noch wol ynsjogge. Want ast wurkest mei bisten, gewaaksen en de seizoenen, dan witst yn alle gefallen dat 'ûnbeheind' net bestiet. In risping kin mislearje. Bisten kinne siik wurde en deagean en it kostet tiid, enerzjy en oandacht om de boerekoal te kweken dy't oaren snijd en wosken yn in pûde keapje en gjin wurk mear fan ha.

Ik seach fan 'e wike in frommeske op 'e telefyzje dy't in hoanne slachte foar it jûnsmiel. Dat wie bêst wol in putsje en se sei dat it goed wêze soe as mear minsken dat dwaan soene, want dan waard der grif minder fleis iten. Ik fûn dat se gelyk hie, dus litte se mar workshops 'Kipnuggets meitsje' organisearje by Kentucky Fried chicken en dan by it begjin begjinne. Ik bin benijd wa't dêrnei noch honger hat.

Mar wa hat hjir noch honger? Hast elkenien is ommers folfretten en te grou. Dat is neffens my it resultaat fan ûnbeheinde ûnnoazelens, omdat de bining mei de natuer en eigen sûnens ferdwynt. Dus miskien wurdt it tiid dat we werris echt honger krije en de supermerken in moai skoft tichtgoaie. Dan moatte we ússels wer rêde. Miskien komt it sûne ferstân, en dêrmei de wurdearring foar de boer en it plattelân dan ek werom.

Om wer in sûne balâns yn de natuer te krijen, kinne we allegear wol mei minder ta, ynklusyf guon boeren. En alle labbekakken dy't harsels dan net rêde kinne, wippe fansels wol om sadat we ek minder minsken oerhâlde. Tagelyk wurde we wer efkes mei de noas op de feiten drukt hokker iten ek alwer op ús eigen boaiem groeie kin. Sis dan mar 'dach' tsjin de mango, mongo en strûpje de mouwen alfêst mar op! Krekt as ús boeren alle dagen dogge."

(advertinsje)
(advertinsje)