Gemeentebestjoer Hearrenfean wol 1,2 miljoen yn nije topturnhal stekke

04 okt 2019 - 08:05

By Sportstad Hearrenfean moat in nije topturnhal komme. Dat wolle Topsport Noord, turnbûn KNGU, NOC*NSF en ek de gemeente Hearrenfean. Dy hat de frege 1,2 miljoen opnommen yn de begrutting om de nije hal te realisearjen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Op it plak dêr't earder in fêstiging fan de supermerk Aldi siet, moat in saneamde Neptunushal komme dy't eksklusyf troch de topturners brûkt wurde kin. De âlde hal, dy't tolve jier lyn boud waard, is net mear by de tiid en wurdt sa yntinsyf brûkt dat de rek der folslein út is: topsporters brûke de hal sa faak, dat der net altyd plak is foar breedtesport.

As de nije hal der is, komme yn de besteande hal 1.500 oeren frij foar de breedtesport. NOC*NSF soe stean moatte foar de ynventaris fan de nije hal dy't dan foar de kommende jierren wer folslein op nivo is foar de trainingen fan de Nederlânske topturnseleksjes.

De gemeenteried fan Hearrenfean nimt op 7 november in beslút oer de ynvestearring.

It hjoeddeiske 'Epke Zonderland Turncentrum' - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Harkje nei de reportaazje oer de plannen foar de nije turnhal

(advertinsje)
(advertinsje)