Ien tredde mear festivals yn Fryslan, gemeente rint efter mei festivalbelied

04 okt 2019 - 07:47

Yn fiif jier tiid is it tal festivals yn Fryslân mei ien tredde mear wurden (fan 33 nei 44). Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Festival Monitor. Mar in dúdlik festivalbelied foar Fryslân of Ljouwert is der noch net. Dat is wol nedich neffens festivalorganisator Paul van Berlo. "Op die manier is voor burgers en organisatoren direct duidelijk wat er wel en niet kan. En voorkom je rechtszaak na rechtszaak."

Wat opfalt is dat de stiging fan 33 persint fan it tal festivals yn Fryslân heger leit as it lanlik trochsneed (27 persint). En neist it tanimmen fan it tal festivals, is ek it tal besikers folle mear wurden yn Fryslân. Yn 2018 wiene der mear as in miljoen besikers, hast fyftich persint mear as fiif jier dêrfoar.

Keunst- en kultuerfestivals en besikers yn Fryslân

Jier Festivals Besikers
2018 44 1.091.000
2017 48 1.072.000
2016 45 1.088.000
2015 42 811.000
2014 33 739.000

Yn 2019 binne der yn elts gefal problemen west by fjouwer festivals yn Fryslân mei de fergunningen. Welcome to the Village en Psy-fi moasten dit jier earder ophâlde mei it draaien fan muzyk fan de rjochter. Garden of Dance, in ûnderdiel fan de Snitswike, socht in nije lokaasje mar koe de fergunningen dêrfoar net rûn krije. En gemeente Skylge is te let begûn mei de prosedueren om it festival Eilân hinne. Dêrom koe de omjouwingsfergunning net ôfjûn wurde en it festival net trochgean.

Foto: Omrop Fryslân

Het lijkt soms zelfs zo dat de gemeente op onze stoel wil zitten terwijl ze niet weten wat er totaal speelt.

Ruben Bosch, organisaasje Welcome to the Village

Oanfraach: fan 20 nei 200 pagina's

Dat der gjin sintraal festivalbelied is, soarget der oan de iene kant foar dat de gemeente de fergunningen yn de lytste details útskriuwt, seit Paul van Berlo. Hy organisearret no tsien jier lang eveneminten, ûnder oare Into the Grave. "Door de vele rechtszaken is de gemeente nu enorm detaillistisch in de vergunningverlening, omdat men bang is dat er iets vergeten is of iets er niet goed in staat. Dat leidt tot stroperigheid en nauwelijks na te leven of te handhaven vergunningen."

Ek Ruben Bosch, organisator fan Welcome to the Village, sjocht deselde ûntwikkeling: "In 7 jaren tijd is de vergunningaanvraag in enkele jaren van 20 naar 200 pagina's gegaan." Hy fynt benammen dat de gemeente hjirmei in grutte bemuoienis hat. "Het lijkt soms zelfs zo dat de gemeente op onze stoel wil zitten terwijl ze niet weten wat er totaal speelt."

Ik heb eens geprobeerd met Metallica hier te krijgen. Dat kon om verschillende redenen niet doorgaan, maar één daarvan was dat we niet een geschikte locatie konden vinden in de korte tijd.

Paul van Berlo, organisaasje Into the grave

Gjin dúdlikens oer festivallokaasjes

Neffens Van Berlo is it dêrom wichtich dat der in belied komt foar festivals én festivallokaasjes. "Eigenlijk zou Leeuwarden moeten kijken naar: wat willen wij als stad met festivals of evenementen. En daar locaties aan koppelen. Daar zijn ze nu al jaren mee bezig."

Hy seit dat it foar organisatoaren yn de hjoeddeistige opset hast ûnmooglik is om grutte artysten yn in koarte tiid te boeken. "Als je een hele populaire artiest wilt boeken moet je in een paar dagen antwoorden of het door kan gaan. Dat kun je nu nooit op tijd rond krijgen. Ik heb eens geprobeerd met Metallica hier te krijgen. Dat kon om verschillende redenen niet doorgaan, maar één daarvan was dat we niet een geschikte locatie konden vinden in de korte tijd."

Foto: Omrop Fryslân, Robea Kleisma

Organisator Paul van Berlo fan metalfestival Into The Grave

Gemeentlik of lanlik?

In oplossing foar problemen soe neffens beide mannen wêze: in evenemintenbelied. Mar oft dat lanlik regele wurde moat of gemeentlik is noch de fraach. Van Berlo sjocht it per gemeente.

Bosch fynt lykwols dat der lanlik in soarte fan rjochtline komme moat dy't de Ryksoerheid bepaald hat. "Zodat elke gemeente daar haar eigen beleid voor haar gemeente op kan maken." Ien ding dy't Bosch wol hiel wichtich fynt is dat organistoaren binnen de kaders frijheid hawwe moatte. "Cultuur laat zich niet sturen en zeker jonge honden niet. Dan moet je juist ruimte geven om te vernieuwen en te bruisen."

Trefwurden: 
Ljouwert festival belied
(advertinsje)
(advertinsje)