Auto's ynnommen by mienskiplike kontrôle plysje en belestingtsjinst

De plysje en de belestingtsjinst ha tongersdei yn Ljouwert in grutte ferkearskontrôle hâlden. Dêrby is beslach lein op 19 auto's, wêrfan't 11 fuortsleept binne. Der is foar 26.000 euro oan efterstallige belesting direkt betelle.
© ANP
Fierders binne der boeten útdield foar glêde bannen, net-fersekere auto's, de telefoan fêsthâlde ûnder it riden, en ien bestjoerder hie gjin rydbewiis.
In bestjoerder út Dantumadiel waard oanhâlden foar it riden mei drank op en een 29-jierrige Ljouwerter betelle in boete fan 144 euro om foar te kommen dat hy twa dagen de sel yn moast.