Nederlanners flechtsje fanwege smoarge lucht nei Fryslân

04 okt 2019 - 06:46

De smoarge lucht yn Nederlân soarget derfoar dat minsken fanút de Rânestêd ferhúzje nei ûnder oare Fryslân. Dat docht bliken út in peiling dy't it Longfonds holden hat ûnder syn efterban. Neffens it fûns krije we hieltyd mear fan dy saneamde 'luchtflechtlingen'.

Foto: ANP

Mear as hûndert minsken soene op it stuit leaver hjoed noch as moarn ferhúzje wolle nei in plak dêr't de luchtkwaliteit better is, lykas yn Fryslân. Fynstof en stikstofdiokside yn de lucht feroarsaakje ûnder oare longkanker, astma, COPD en hert- en iersykten, of meitsje it slimmer. Jierliks ferstjerre goed 11.000 Nederlanners te betiid troch luchtfersmoarging.

'Topje van de ijsberg'

It Longfonds is bot skrokken fan de ûntdekking. "We hadden nooit verwacht dat er zoveel luchtvluchtelingen zouden zijn in onze achterban. Waarschijnlijk is dit voor Nederland pas het topje van de ijsberg", seit direkteur Michael Rutgers fan it fûns.

Stikstofdiokside ek probleem foar sûnens

Under 1.000 minsken mei in longsykte hat it Longfonds in fragelist ferspraat. Binnen in wike krige it in soad reaksjes fan minsken dy't deistich wrakselje mei de gefolgen fan luchtfersmoarging. Neffens it fûns lit dit sjen dat der sprake is fan in struktureel probleem.

By 1 op de 5 Nederlânske bern soe it ûntstean fan astma relatearre wêze oan stikstofdiokside, docht neffens it Longfonds bliken út resint ûndersyk. Omdat it stikstofprobleem fan hjoed-de-dei ek effekt hat op de sûnens fan Nederlanners, giet it probleem fierder as de natuer allinnich, fynt it fûns.

Maatregels rapper útfiere

It Longfonds ropt de oerheid op om maatregels foar in skjinnere lucht rapper út te fieren. Kommende wike stiet der in ferfolchoerlis oer de wenomjouwing op de aginda fan de Twadde Keamer.

Herman Vijlbrief, wurdfierder fan it Longfonds

Jos Wesdijk is in sa'n fjouwer jier lyn ferhuze fan Rotterdam nei Skylge

(advertinsje)
(advertinsje)