'Hier zijn de Van Rossems' wie yn Ljouwert: wêr hawwe se west?

03 okt 2019 - 21:30

Foar it NTR-programma 'Hier zijn de Van Rossems binne woansdei yn Ljouwert opnamen makke. De bekende histoarikus en tv-persoanlikheid Maarten van Rossem giet yn dit programma mei syn suster Sis en syn broer Vincent op 'en paad yn ferskate stêden yn Nederlân. Earder wiene de Van Rossems ek al yn Frjentsjer. De ôflevering mei de besite oan Ljouwert moat yn febrewaris 2020 op telefyzje komme.

Maarten en Vincent van Rossem yn it Provinsjehûs - Foto: Provinsje Fryslân

It doel fan it programma is dat de trije Van Rossems inoar plakken sjen litte dy't de oaren noch net goed kenne, en inoar ferhalen fertelle dy't dêr by hearre. Dat dogge sy, sa't se bekend wurden binne, mei goed gefoel foar humor. Maarten sjocht nei de stêd mei in histoaryske blik, Sis praat oer keunst as keunsthistoarika en Vincent wit alles fan arsjitektuer.

Wêr hawwe de Van Rossems west?

It is noch net bekend wêr't de Van Rossems krekt west hawwe, mar der binne wol twa plakken bekend. De earste is it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar by it Aldehoustertsjerkhôf. Op in foto fan it argyf steane de bruorren foar it byld fan Pieter Jelles Troelstra, yn de grutte hal fan Tresoar.

Dêrnjonken hawwe de Van Rossems ek by en yn it Provinsjehûs west, oan de Twibaksmerk. Provinsje Fryslân sette woansdei in foto op Twitter dat de Van Rossems op besite wiene.

(advertinsje)
(advertinsje)