Noch efkes en dan hat Marsum in sweltsjemuorre mei wiet fûgeltsjelân

03 okt 2019 - 20:57

By de Ingelumer Feart yn Marsum del binne Landschapsbeheer Friesland, Fûgelwacht Marsum en it doarpsbelang úteinset mei de bou fan in muorre foar ierdsweltsjes. Om de muorre hinne komt ek in wiet fûgeltsjelân, oftewol in 'plasdras'-gebiet. Sa moat de muorre in paradys wurde foar ierdsweltsjes en oare fûgels, lykas de iisfûgel.

De muorre foar ierdswellen yn Marsum - Foto: Landschapsbeheer Friesland

It gebiet is net allinne foar fûgels, mar ek foar oare bisten. Foar ynsekten lykas flinters en bijen wurdt der in blommingsel siedde en foar flearmûzen komme der kasten.

Sukses yn Deinum

Yn Deinum, net fier fan Marsum, die yn 2018 bliken dat in sweltsjemuorre tige suksesfol is. Dêr binne in pear moanne nei de bou fan de muorre al goed 80 broedpearkes teld. In goede reden om yn Marsum troch te gean mei it projekt.

(advertinsje)
(advertinsje)