Fjouwer nije wenten foar Efterwei yn De Rottefalle wer in stap tichterby

03 okt 2019 - 20:41

It plan om fjouwer nije wenten te bouwen oan de Efterwei oan de westkant fan De Rottefalle, is wer in stap tichterby. De hûzen kinne net samar boud wurde om't it bestimmingsplan fan 'agrarysk' nei 'wenjen' wizige wurde moat. Der ha fjouwer ynspraakreaksjes fan omwenners west, mar it ûntwerp foar it nije bestimmingsplan is net oanpast.

It begjin fan de Efterwei neist it hartekamp fan De Rottefalle - Foto: Google Street View

It kolleezje fan Smellingerlân hat yn maaie grien ljocht jûn foar it foarûntwerp, dat dêrnei op besjen lei. Ek wie der in ynrin-gearkomste yn de Herberg van Smallingerland. As de gemeenteried akkoart giet mei it plan, sil it nochris seis wiken op besjen lizze. De ferwachting is dat it fêststellen om jannewaris of febrewaris 2020 hinne barre kin.

Stikstof-rapportaazje

Der is noch wol ien betingst: de inisjatyfnimmer moat noch in rapportaazje opstelle litte foar de útstjit fan stikstof en eventuele gefolgen foar Natura2000-gebieten. Op dit stuit is der noch net in rekkentool online foar de útstjit, mar de ferwachting is dat dy ein septimber beskikber is. It kolleezje giet der lykwols fanút dat der gjin gefolgen binne fan de bou op kwetsbere natuergebieten.

(advertinsje)
(advertinsje)