Twa Friezen de sel yn foar 100.000 euro oan oplichting

03 okt 2019 - 19:35

In 29-jierrige Drachtster is feroardiele ta in selstraf fan acht moanne en sân moanne ûnder betingst, omdat hy 12 bedriuwen oplichte hat. In 27-jierrige ynwenner fan Westergeast krige in healjier finzenisstraf en in healjier ûnder betingst.

Foto: Shutterstock.com

De man út Westergeast wie op papier direkteur fan in saneamde plof-bv. Dat is in bedriuw dat in soad spul bestelt, mar it nea betellet en it spul trochferkeapet. Hy bestelde ûnder oare barbecuepakketten, hegedrukreinigers en stegerhout. Foar yn totaal sa'n 100.000 euro rjochte hy dêrmei by fyftjin bedriuwen skea oan.

Shovel op Marktplaats

Dy fyftjin hiene oanjefte dien. Ien fan de bedriuwen seach in shovel dy't hy ferkocht hie, mar dy't net betelle wie, op de webside Marktplaats foarbykommen.

In part fan de foarderingen binne net-ûntfanklik ferklearre troch de rjochter. Fan de 100.000 euro moatte de fertochten 76.000 euro oan tolve bedriuwen werombetelje. De Drachtster moat twa moanne ekstra sitte omdat hy noch in proeftiid hie foar dieverij en heeljen.

(advertinsje)
(advertinsje)