Plysje fynt himpkwekerij yn Ychten: 35-jierrige man út it doarp oanholden

03 okt 2019 - 19:32

De plysje fan gemeente De Fryske Marren hat moandei in himpkwekerij ûntmantele yn Ychten. Yn it pân binne 694 planten oantroffen en it die bliken dat der stroom ôftape waard. Der binne fjouwer fertochten oanholden, ien fan harren wie in 35-jierrige man út Ychten.

De himpkwekerij yn Ychten - Foto: Politie De Fryske Marren

De oare fertochten binne in man (34) út Amsterdam, in frou (48) út Amersfoort en in man (49) út Hoogland. De plytsje ûntduts de kwekerij nei in 'Meld Misdaad Anoniem'-melding.

De himp is yn beslach nommen en wurdt ferneatige. De plysje docht noch ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)