It Sineesk-Yndyske restaurant ferdwynt stadich út it stedsbyld

03 okt 2019 - 18:00

Ut ûndersyk die dizze wike bliken dat it tal Sineesk-Yndyske restaurants yn Nederlân de ôfrûne fiif jier flink ôfnaam is. Yn 2014 wiene der noch hast 1.900 en no binne dat der noch goed 1.600 restaurants. En de trend set troch. Foar Mark van Wonderen wie it reden om álle Sineeske restaurants yn it lân op de foto te setten foar in boek, sa'n 1.100 yn oardel jier tiid.

It eardere Sineeske restaurant op De Lemmer - Foto: Mark van Wonderen

"Ik wilde het vastleggen voor het definitief te laat was," seit hy. Oer de Fryske restaurants hat hy ek wol wat te fertellen.

Hy pleatste op Twitter in hiel skoft lyn in foto fan it eardere restaurant op De Lemmer. Hy skreau der tige nochteren en lakonyk by: "Met het faillissement van Chin. Ind. Rest. China Garden is er een niet te vullen leemte ontstaan in de culinaire wereld van Lemmer."

It binne gjin moaie foto's dy't Van Wonderen makke hat foar syn fotoboek. Mar, dat wie ek nét de bedoeling. "Ik heb een grote voorliefde voor treurnis, en als ergens treurnis te vinden is, dan is het wel bij een Chinees-Indisch restaurant. Toen begon ik ze uit hobby te fotograferen in mijn omgeving en dat leverde zoveel reacties op dat ik dacht: hier moet ik meer mee doen. Toen besloot ik er een boek van te maken en heel Nederland af te reizen."

Hoe liket it yn Fryslân?

Binne de Fryske restaurants dan ek sa tryst? Nee, net perfoarst, jout Van Wonderen oan. "Ze zijn eigenlijk een beetje saai. Friesland is niet zo verloederd en vervallen als andere provincies, dus de restaurants staan er wel goed bij. Vaak is het in een oude binnenstad, aan een mooie grachtje of zoiets. Dat ziet er wel goed uit, dus complimenten voor de Friezen."

Sineesk-wurch

Van Wonderen tinkt wol te witten hoe't it komt dat it tal Sineesk-Yndyske restaurants sa ôfnimt. "Er zijn eigenlijk meerdere oorzaken. Eén is dat de Nederlander simpelweg wat Chinees-moe is. Vroeger was er nauwelijks concurrentie, nu zijn er de Thai, de Italiaan of wat dan ook. Het heeft ook wat een slechte naam, het zou vet en onhygiënisch zijn," tinkt hy.

Mar der is noch in reden. Van Wonderen: "Wat ook meespeelt, is dat de restauranthouders nauwelijks een opvolger kunnen vinden. Vaak ging het over naar de kinderen, maar de kinderen hebben vaak gestudeerd en een goede baan. Ze hebben echt geen zin om 60-70 uur in de week in een restaurant te staan. Dan wordt het al met al lastig. Zeker in deze tijd waarin de eerste generatie restauranthouders met pensioen gaat, gaat het snel met het verval van de Chinees."

Mark van Wonderen oer Sineeske restaurants yn Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)