"Biomassa is net ferkeard foar miljeu, hout ferbrâne yn koalesintrales wol"

03 okt 2019 - 18:09

Enerzjy opwekke út biomassa hat wier wol takomst, mar dan moatte wy gjin ynstallaasjes bouwe dy't mear biomassa ferwurkje kinne as dat der út ôffal beskikber is. Dat seit Ids Schaap fan it bedriuw Agradu út Sint-Nyk, dat fiif agraryske biogasynstallaasjes eksploitearret, wêrfan fjouwer yn Fryslân.

Biogas - Foto: ANP

Ek is it net goed om biomassa oer grutte ôfstannen te ferfieren of spesjaal bosken oan te lizzen om dy te ferbrânen yn koalesintrales, seit Schaap.

Schaap reagearret op rapporten fan wittenskippers dat it stoken fan hout yn koalesintrales min is foar it miljeu en sels mear CO2-útsjit opsmyt as koalen of gas. Alle kranten yn Nederlân pakten dêr tongersdei grut mei út.

Hout rint dea

De Nederlânske oerheid stelt miljarden beskikber foar it bystoken of oerskeakeljen fan koalesintrales op hout. Der wurdt derfan útgien dat dat CO2-neutraal is, om't beammen earst likefolle CO2 út de loft helje as der frijkomt by de ferbrâning derfan. Foar de kapte beammen wurde nije oanplante. Wittenskippers helje dat ferhaal folslein ûnderút.

Schaap seit ek dat de wei mei hout ferbrâne yn koalesintrales dearint. Mar foar biofergêstjen fan ôffal út de omjouwing leit dat oars. Dat ôffal is der al en wurdt yn in biofergêster brûkt om gas op te wekken. It restprodukt giet as dongstof oer it lân.

Ids Schaap fan Agradu út Sint-Nyk

(advertinsje)
(advertinsje)