Gerrit Hiemstra pleitet foar nij gemaal: "Woudagemaal net mear fan dizze tiid"

03 okt 2019 - 18:10

Waarman Gerrit Hiemstra joech yn syn Rede fan Fryslân yn it Provinsjehûs oan dat it Yr. D.F. Woudagemaal op De Lemmer net mear fan dizze tiid is. Hy docht dizze útspraak wylst it Woudagemaal op dit stuit yn bedriuw is en der in soad minsken grutsk binne op it wrâlderfgoed. Mar neffens Hiemstra moatte wy der gau mei ophâlde: "Ut it eachpunt fan klimaatferoaring en duorsumens wei wol. It is fansels in fantastysk gebou om te sjen, mar as jo sjogge nei de funksje derfan, dan is it gewoan âlderwetsk en net mear fan dizze tiid."

Yr. D.F. Woudagemaal - Foto: ANP

"It hat sjarme," jout ek Hiemstra ta. "Mar as jo sjogge nei de funksjonaliteit, dan sis ik: bou gau in nij en folle grutter gemaal. Dan meitsje wy ús klear foar de takomst. En no driuwe wy noch in bytsje op it ferline, op it âlde. It moat oars." Hiemstra fynt fansels wol dat it âlde monumint bestean bliuwe moat.

Net funksjoneel mear

Sûnt 1998 stiet it Woudagemaal op De Lemmer op de UNESCO-wrâlderfgoedlist. "It âlde is moai, mar it is net funksjoneel mear," seit Hiemstra. "Dêrom haw ik it as metafoar brûkt. It is prachtich, mar wol fan eartiids. Wy moatte dwaande wêze mei de takomst."

Serieuze Rede

"Ik bin it serieus benei kaam," seit Hiemstra oer syn Rede fan Fryslân. "It is ek in serieus ûnderwerp, en wat my oanbelanget is it slagge." De reade tried fan syn ferhaal is neffens de waarman dat Fryslân feroarje moat. "Troch de klimaatferoaring moat Fryslân feroarje, dat kin net oars. Of wy ús no oanpasse wolle of net. Us omjouwing sil der oars út komme te sjen. En as Fryslân feroaret, moatte de Friezen ek feroarje."

Hiemstra woe de taharkers benammen konfrontearje troch de klimaatproblematyk sa fysyk mooglik te meitsjen. "Mei in oantal praktyske dingen kinne jo de persoanlike útstjit fan CO2 al feroarje." It soe neffens Hiemstra wol goed wêze om letter wer ris op syn rede werom te kommen. "Miskien moatte wy it oer fiif jier nochris dwaan om te sjen wat der feroare is."

Ferslachjouwer René Koster praat mei waarman Gerrit Hiemstra

Gerrit Hiemstra nei syn Rede fan Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)
(advertinsje)