Gjin jild foar weromkommen Kanadeeske militêren by 75 jier frijheid

03 okt 2019 - 17:45

De provinsje hat der gjin jild foar oer om Kanadeeske feteranen, dy't Fryslân 75 jier lyn befrijd hawwe, takom jier by de betinking hjirhinne te heljen. De Stichting Befrijdingsfestival Fryslân hie dêrta in fersyk fan 40.000 euro oan subsydzje yntsjinne, mar dat is ôfwiisd. "We binne teloarsteld, mar ek wol fernuvere", seit bestjoerslid Marre Sloots fan de stichting.

Kanadeeske befrijers en Fryske fersetsstriders - Foto: ANP

Der wiene plannen om in tocht mei de feteranen en âld militêr materiaal te dwaan, krekt as fiif jier lyn. Mar ek jild foar dat âlde materiaal - dêrfoar wie 15.000 euro subsydzje oanfrege - komt der net, hat de provinsje bekend makke. "De provinsje fynt it idee net fernijend genôch", seit Sloots. "Te bot werhelling fan wat earder dien is. It is yndie yn opset ek in werhelling", jout Sloots ta. "Mar dat dogge we just omdat it sa suksesfol wie en omdat we dêr positive reaksjes op krigen ha."

Feteraan Don White yn Ljouwert yn 2018 - Foto: Lucas Kemper

It kin net sa wêze dat ús befrijers der takom jier net by binne.

Marre Sloots, bestjoerslid Stichting Befrijdingsfestival Fryslân

De stichting is wol fêst fan plan om de feteranen hjir takom jier wol hinne te heljen. "Yn totaal giet it om fjouwer of fiif feteranen. It kin net sa wêze dat ús befrijers der takom jier net by binne", seit Sloots. "Minsken fiele ek wol oan dat dit de lêste grutte betinking is dêr't dizze minsken by wêze kinne. Ek by oare grutte betinkingen wurde feteranen útnûge."

Der wurdt no nei alternativen socht om dit jild byelkoar te bringen. "We sette alles op alles om oare manieren te finen om it te finansierjen. Fûnsen oanskriuwe bygelyks. Mar it is al oktober, dat is let. Miskien moatte we ús eigen reserves mar oanboarje. Dat is net winsklik."

400.000 euro foar oare projekten

De provinsje lûkt yn totaal sa'n 400.000 euro út foar tsien projekten. It grutste part dêrfan, sa'n 100.000 euro, is bestimd foar in plan om it noch libjende part fan in groep fan 210 joadske bern, dy't hjir yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkt sieten, werom te heljen nei ús provinsje.

In bedrach fan 75.000 giet nei in teäterfoarstelling oer fersetsstrider Cornelis Reeskamp, dy't ek oan de oerfal op de gefangenis yn Ljouwert meidie.

'De Joodse Bruiloft', in searje foarstellings yn de âlde joadske buert yn Ljouwert, krijt in bedrach fan 70.000 euro. Fierder geane noch substansjele bedraggen nei in wapendropping beleef- en kuiertocht en nei in boek oer de dielnimmers oan de oerfal op de Ljouwerter finzenis.

Marre Sloots fan Stichting Befrijdingsfestival Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)