Wêrom't Fryske ferhierders gjin ferhierheffing wolle

03 okt 2019 - 16:51

Alle wenningkorporaasjes yn Fryslân tekenje beswier oan by de Belastingdienst tsjin de saneamde ferhierheffing. Se fine dat dy heffing yn striid is mei de Wenningwet, de wet dy't foarskriuwt dat ynkomsten út ferhier útslutend oan nije en bettere wenningen bestege wurde meie. De wenningkrisis is benearjend, sizze de ferhierders en boppedat wurdt de heffing opbrocht troch de minsken mei in lytste beurs.

Foto: ANP

Yn it hiele lân binne mear as 180 wenningkorporaasjes dy't beswier yntsjinje tsjin de ferhierheffing. De ferhierheffing is in ekstra belesting op sosjale hierwenningen dy't wenningkorporaasjes betelje neist oare belestingen. De wenningkorporaasjes wolle de 1,7 miljard oan hieropbringsten dy't no ôfdroegen wurde oan de steat ynsette foar de folkshúsfêsting, it ferantwurd húsfestjen fan de befolking.

1,2 miljoen euro

Wenningkorporaasje De Bouwvereniging fan Harns hat ein septimber 1,2 miljoen euro oermakke oan de steat. Dit is jild fan de hierders dat de korporaasje ynsette wol foar betelbere wenningen foar hierders.

Wenningkorporaasjes helje harren ynkomsten út de hier dy't de hierders eltse moanne betelje. Yntusken ferdwynt fan eltse hierder twa moannen hier daalks yn de steatskas. Op dy wize betelje minsken yn in sosjale hierwenning ekstra belesting. Jild dat net ynvestearre wurde kin yn ûnderhâld en ferduorsuming fan harren wenningen en nije betelbere wenningen.

Oars as yn it westen

"It jild dat nei de steatskas giet, sjogge we net werom en dat kinne we net brûke om de wenning te ferbetterjen", fertelt Petra van der Wier, direkteur fan De Bouwvereniging. "Dêrneist giet it jild nei bepaalde plakken mei wenningneed. De situaasje is hjir oars as yn bygelyks it westen, want wy hawwe hjir te meitsjen mei krimp", seit Van der Wier.

De ekstra belesting waard ynfierd yn de perioade fan ekonomyske krisis om de steatskas op oarder te krijen. No't it regear in begruttingsoerskot hat, soe dit jild wer bestimd wêze moatte foar de wenningmerk.

Petra van der Wier fan De Bouwvereniging

(advertinsje)
(advertinsje)