Gerrit Hiemstra yn Rede fan Fryslân: "Jou jongere generaasje de romte"

Waarman Gerrit Hiemstra hat tongersdei yn syn Rede fan Fryslân omtinken frege foar klimaatferoaring. Neffens Hiemstra sil de opwaarming fan de ierde grutte gefolgen ha foar de folsleine maatskippij. "Wy sille ús oanpasse moatte oan de feroarjende omstannichheden en dat kin betsjutte dat Fryslân der oars út komt te sjen", wie it boadskip fan Hiemstra.
Gerrit Hiemstra © Omrop Fryslân
We moatte oan de slach, konkludearre Hiemstra nei syn speech. Hy fynt dat de jongere generaasje romte krije moat om mei te praten en dat ek sy de besluten oer de takomst nimme moatte.
Hiemstra fynt it wichtich dat de Fryske taal yn eare holden wurdt. "Dat jout de bêste garânsje dat Fryslân ek yn it nije klimaat bloeie en groeie sil." We moatte akseptearje dat klimaatferoaring grutte gefolgen foar Fryslân ha sil. Dêrom moatte we derfoar soargje dat we dêr klear foar binne en op tiid besluten nimme dy't nedich binne, fynt Hiemstra. Us eigen CO2-footprint moat sa gau as mooglik nei nul.

Foar it earst yn it Frysk

It is foar it earst dat de Rede fan Fryslân yn it Frysk útsprutsen waard. Dat helle Hiemstra ek oan yn syn foardracht. "De bedoeling fan dizze rede is dat in bûtensteander syn of har fyzje jout op in tema dat wichtich is foar de Fryske mienskip. En dat is in goede saak. Ien fan bûten kin faaks op in manier nei Fryslân sjen dy't ôfwykt fan dy fan de minsken dy't der middenyn sitte. In ferfrissend nij ynsicht op de saak."
Hiemstra is hikke en tein yn Sumar, mar wennet sûnt syn achttjinde bûten de provinsje. Dat feroaret ynkoarten wer, want Hiemstra en syn frou ha plannen om nei Fryslân te ferhûzjen.
De Rede fan Fryslân is útgroeid ta in jierlikse tradysje. In prominint persoan fan bûten de provinsje hâldt Fryslân in spegel foar mei it each op de takomst. Eardere sprekkers wiene Coen Teulings (CPB), Bernard Wientjes (VNO/NCW), Gerdi Verbeet (âld-foarsitter Twadde Keamer), Olaf Koens (sjoernalist fan it jier), Prins Carlos de Bourbon de Parme, Pieter Winsemius (bedriuwskundige, publisist en earder politikus) en Herman van Rompuy (âld-foarsitter fan de Europeeske Ried).