Doarpsbelang Easterbierrum wiis mei ophâlden sâltwinning

03 okt 2019 - 16:32

It doarpsbelang fan Easterbierrum is tige wiis mei it beslút dat Frisia earder ophâldt mei de sâltwinning by it doarp. "Het is een goede zaak," seit Paul de Cock fan it doarpsbelang. "De zoutwinning heeft toch gevolgen, zo kan er wateroverlast voorkomen bij harde buien."

Frisia hâldt op mei sâltwinning by Easterbierrum

Frisia soe earst oant 2021 trochgean, mar de kwaliteit fan it sâlt is net goed genôch. De maksimale grûndelgong bliuwt no beheind ta 22 sintimeter.

De need yn it doarp is noch net tige heech, jout De Cock oan. "Er zijn nog niet direct scheuren in huizen. Maar er is zowel gaswinning als zoutwinning in dit gebied, dus het is beter voor de huizen en voor de rust in het dorp dat dit stopt."

Sakjen fan de boaiem

Minsken sitte dochs yn noed. "Men is bezorgd over de huizen en de mooie oude kerk. Maar ook de boeren, zij hebben last van verzilting, het zakken van grond en er blijft water staan bij regen." Boppedat, sa seit De Cock: "Bodemdaling is niet altijd te voorspellen, het loopt niet altijd in lijn met de modellen."

Paul de Cock fan it doarpsbelang fan Easterbierrum

(Advertinsje)
(Advertinsje)