Advys nij plak Noardeast-Fryslân: nije riedsseal boppe-op gemeentehûs Dokkum

03 okt 2019 - 16:03

Nei de fúzje fan Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel en de gearwurking mei Dantumadiel, is der ferlet fan in effisjinter hûsfestjen fan de nije gemeente Noardeast-Fryslân. In advysbedriuw hat de ôfrûne tiid ûndersyk dien nei de mooglike opsjes.

Sa soe it gemeentehûs fan Noardeast-Fryslân der nei de ferbouwing útsjen kinne - Foto: Omrop Fryslân

Ut dat ûndersyk docht bliken dat in ferbouwing fan it gemeentehûs yn Dokkum, wêrby't in nije riedseal boud wurdt óp de yngong, de geunstichste opsje is. Boppedat soe de twadde ferdjipping fan it pân ophege wurde moatte.

Earder is der al ûndersyk dien nei wêr't it gemeentehûs fan de nije gemeente komme moat. Op basis fan dat ûndersyk fynt it kolleezje fan Noardeast-Fryslân dat in plak yn Dokkum en Damwâld it meast winsklik is. Yn Damwâld soe in dependâns komme moatte. Dat is dan ek foarlein oan de gemeenteried.

8,5 miljoen euro

Mei it ôfstjitten fan de gemeentehuzen yn Kollum en Ferwert soe der jild frijkomme foar de needsaaklike útwreiding yn Dokkum. De kosten fan de ferbouwing yn Dokkum sille sa'n 8,5 miljoen euro wêze.

In 'artist-impression' fan de nije yntree fan it gemeentehûs yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân

In ferbouwing mei de nije riedsseal op it dak fan de publykshal foldocht it bêst oan de finansjele rânebetingsten en smyt de measte romte op. "Publiekshal en raadzaal vormen een mooi ensemble aan de Bargemerk," sa stiet yn it rapport.

Dêrnjonken wurdt de suggestje dien dat de nije riedseal ek foar oare eveneminten brûkt wurde kin, lykas eksposysjes en lytse konserten.

(advertinsje)
(advertinsje)