Feiling Sybrandy's twa wiken letter, om rêdingsplan de tiid te jaan

03 okt 2019 - 16:01

De feiling fan Sybrandy's Speelpark yn Aldemardum is mei twa wiken útsteld. It park sleat ôfrûne simmer de doarren, omdat de eigeners der net mei fierder woene en it net ferkocht waard.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Doe is der in rêdingsaksje op tou set troch ûndernimmer Sjerp Jaarsma. Hy is noch dwaande it plan fan oername en ferhuzing fan it park nei syn rekreaasjeterrein De Hege Gerzen rûn te krijen.

Yntusken stie der al in feiling pland, mar dy is no mei twa wike útsteld om Jaarsma mear tiid te jaan it finansjeel rûn te krijen. De ûndernimmer hopet ek op stipe fan de gemeente De Fryske Marren. Nije wike hopet hy dêr mear oer te hearren.

De kosten fan it plan binne 250.000 euro. Dêrfan is 120.000 euro tasein troch jildsjitters.

Langer as twa wike krijt Jaarsma echt net. De eigeners wolle it perfoarst foar ein oktober ferkeapje.

(advertinsje)
(advertinsje)