Help socht by tagonklik meitsjen Reade Krús-kaarten Twadde Wrâldoarloch

Nei de Twadde Wrâldoarloch wiene yn Nederlân sa'n heal miljoen minsken fermist. Op fersyk fan it regear gie it Reade Krús op syk om famylje op de hichte te bringen fan harren lot. Guon wiene bygelyks omkommen yn konsintraasjekampen yn Dútslân. Nei de oarloch is der sa in kolleksje fan saneamde Reade Krúskaarten oanlein, mei ynformaasje oer de minsken dy't fermist wiene.
De Reade Krúskaart oer H.J. Beugelink fan Wolvegea, dy't yn 1944 yn Dútslân om it libben kommen is © CBG|Centrum voor familiegeschiedenis
No wolle it CBG (Sintrum foar famyljeskiednis) en it Netwerk Oorlogsbronnen dizze kaarten digitaal trochsykber meitsje en dêrfoar sykje sy frijwilligers. It giet ek om in soad fermiste persoanen út Fryslân.
Yn totaal giet it om sa'n 11.000 kaarten, dêr't faak in stjerdatum en -plak en in begraafplak op steane. Somtiden steane der ek oare bysûnderheden op, lykas it adres fan de persoan en ynformaasje oer de ynformant. De kolleksje kaarten is in wichtige boarne foar ûndersyk. Der binne twa sets mei kaarten, en dêrnei stiet der ek noch in kolleksje ferstjerakten út Dútslân klear fan Nederlânske minsken.

Trochsykber meitsje

De database dy't mei it 'crowdsourcing'-projekt byinoar sammele wurdt, komt úteinlik op de webside fan Netwerk Oorlogsbronnen en WieWasWie, in webside foar stambeamûndersyk. Dêr moatte de kaarten iepenbier en trochsykber wêze. Sa binne persoanen dy't bygelyks yn Dútslân oan it wurk steld binne, maklik werom te finen.
Minsken dy't meidwaan wolle oan it tagonklik meitsje fan de Reade Krúskaarten kinne harren oanmelde fia it platfoarm Het Volk by it projekt 'Rode Kruiskaarten CBG.' Mear ynformaasje is te finen op de webside fan it Sintrum foar Famyljeskiednis.