Brânstifter Ljouwerter moskee krijt finzenisstraf

03 okt 2019 - 14:21

De rjochtbank Noard-Nederlân hat in man feroardiele ta in finzenisstraf fan trije jier, wêrfan 14 moannen ûnder betingst. Hy stuts yn april fan dit jier meardere jiskepûden yn de brân by de doar fan in moskee yn Ljouwert.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De man hie midden yn de nacht in tal jiskepûden by de moskee dellein, en se yn de brân stutsen. Om't it fjoer hieltyd út gie, hat er it oant seis kear ta opnij besocht. Doe't de flammen lang om let pakten is er nei hûs ta set. It fjoer waard in tal minuten letter ûntdutsen troch in foarbygonger. Dy warskôge de imam, dy't yn de moskee wennet.

It slagge de imam om it fjoer út te meitsjen, mar hy koe net foarkomme dat de doar fan de moskee skansearre rekke.

Neffens de rjochtbank hat de fertochte mei syn die de imam yn gefaar brocht. Ek soarge it fjoer foar in heftige reaksje by de brûkers fan de moskee. Fertsjintwurdigers fan de moskee seine yn de rjochtbank dat de mienskip bot skrokken is fan de brân, en dat der sûnt it ynsidint minder minsken yn de moskee komme.

De fertochte krijt njonken de finzenisstraf ek de ferplichting om de kosten fan de ferbaarnde doar te beteljen: 1.300 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)