Fiif húshâldens yn Snits bliuwe earst op strjitte fanwegen skuorren, kringloop ek ticht

Fiif húshâldens dy't woansdeitejûn út harren hûs set binne yn Snits kinne earst noch net werom. Ek de kringloopwinkel oan it Grootzand ûnder dy wenten giet ticht. Twa wenten flakby dy winkel wiene ek ûntromme, mar dy binne wol bewenber. De minsken dêrfan kinne werom.
Fiif húshâldens yn Snits bliuwe earst op strjitte fanwegen skuorren, kringloop ek ticht
It gebou waard woansdei ûntromme, omdat der skuorren yn de gevels fan it gebou sitte. Dêrtroch is it net wis oft it gebou feilich is. De skuorren binne de ôfrûne tiid grutter wurden, hat bliken dien út mjittingen. "De kans dat het mis zou gaan was nihil, maar je wilt geen risico nemen", seit Ruben Grevers fan Accolade.
Ruben Grevers fan Accolade
De fiif húshâldens moatte nei alle gedachten oant ein takom wike wachtsje foardat se werom kinne. De kringloopwinkel bliuwt oant 10 oktober ticht. Dat hat ek te krijen mei de konstruksjeproblemen yn de boppewenningen.
© Omrop Fryslân, Evert van den Berg