Wer in klasse nei hûs: "We sjogge mei 'angst en beven' nei de winter"

03 okt 2019 - 12:53

Groep 7 fan skoalle De Diamant yn Aldegea (Smellingerlân) sit tongersdei thús. Der koe net in juf of master fûn wurde om de bern les te jaan. De fêste learkrêft is siik en in ferfanger is net foar hannen. It is net de earste kear dat in klasse frij is fanwegen sykte by de learaar.

Foto: Google Street View

"Foar ús is it echt in ferlies dat we in groep nei hûs stjoere moatte", seit Thijs Praamstra fan PCBO Adenium. Tritich skoallen yn Smellingerlân en Tytsjerksteradiel falle ûnder dy skoalkoepel. "We ha tweintich fêste ferfangers en dan noch in pûl fan tweintich. Mar somtiden komme we dan noch tekoart foar ferfanging."

"We stekke in soad enerzjy yn it finen fan ferfangers en dat dogge we graach", fertelt Praamstra. "Ien kollega is der mear as fyftjin oeren yn de wike mei dwaande, oant jûns let en yn de wykeinen."

Hiel soad knip- en plakwurk

"Der sit in hiel soad knip- en plakwurk yn", seit Praamstra oer it rûn krijen fan it roaster. "It slagget hast altyd, mar we sjogge wol mei 'angst en beven' nei it winterseizoen en de grypgolf. Dan krije we it wierskynlik net rûn."

Der binne gjin maklike oplossingen foar hannen, tinkt Praamstra. "We krije wol geregeld iepen sollisitaasjes, sadat we de ferfangerspûl noch behoarlik folje kinne. Mar yn it winterseizoen ha we noch mear ferfangers nedich en dy binne gewoan net te krijen."

Thijs Praamstra

(advertinsje)
(advertinsje)