Mei de graffityspuit troch Ljouwert, ek Buma spuitet mei

03 okt 2019 - 12:25

Miskien hast it wolris sjoen op sosjale media, yn in winkel, of op buorden by de dyk: #jijhoorterbij. De hashtag is in inisjatyf fan Meldpunt Tûmba yn Ljouwert. Se wreidzje de aksje no út nei graffity op strjitte. En ek boargemaster Buma fan Ljouwert hat in hantsje meiholpen.

De kampanje is bedoeld foar de hele mienskip, leit Tûmbameiwurker Mirka Antolovic út: "dik, dun, klein, groot, zwart, wit, Fries of niet-Fries. Deze actie is zeker nodig, omdat de maatschappij steeds meer verhard: wij tegen zij."

It anty-diskriminaasje platfoarm wol mei de kampanje dúdlik meitsje dat elkenien in plakje hat yn de mienskip. Want it komt noch te faak foar dat bygelyks immen mei in beheining net meidwaan kin oan ûnderdielen fan it deistich libben. "We hebben nagedacht over hoe we de boodschap het beste konden uitstralen, en daar kwam deze hashtag uit."

De graffity-tag is tongersdeitemoarn oanbrocht foar it Fries Museum en yn de Doelesteech, mar sil ek op It Hearrenfean, yn Snits en yn oare Fryske plakken delset wurde. De tag wurdt oanbrocht mei krytgraffity, en dus is it net yllegaal en wasket fansels wer fuort.

Ien fan de graffity-spuiters is de boargemaster fan Ljouwert, dy't mei spesjale mofkes de spuitbus betsjinne. De gemeente Ljouwert stiet dêrmei efter it projekt fan Tûmba.

Harkje nei in petear mei Tûmba

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)