Raze om Protters: "Ik wol dat jimme nei my harkje!"

03 okt 2019 - 11:57

'Raze om protters' is de nije foarstelling fan Tryater dy't freed yn premjêre giet. It giet oer de autistyske Doede, dy't wrakselet mei syn plak yn de mienskip. Tryater wol mei it stik de minsken oan it tinken sette.

Doede rekket syn wurk kwyt by de sosjale wurkfoarsjenning, om't hy in kollega slein hat. En hy is bot fereale op sjongeres Elske DeWall en is wat te fier gien yn it uterjen hjirfan mei as resultaat in kontaktferbod. Doede komt thús te sitten by syn mem en beide sitte yn in sosjaal isolemint.

Raymond Muller spilet de haadrol fan de autistyske Doede. Doe't hy him yn de rol ferdjippe, besefte hy dat er net in soad fan it ûnderwerp fan ôf wit. "Dêr skrok ik wol fan. No sjoch ik wat it foar minsken betsjutte kin, hoe't dat harren beheine kin."

Akteur Raymond Muller oer syn rol

'Raze om protters' is it rezjydebút fan Eelco Venema. Hy hat it stik ek skreaun. It is in swier ûnderwerp, mar dat is it stik perfoarst net. Der komt ek de nedige humor yn foar. "Ik sjoch humor as in fentyl, kinst it sa no en dan even leech rinne litte, om dêrnei it publyk wer spikerhurd yn it gesicht te slaan mei in trien."

Want it stik moat de minsken wol oan it tinken sette. "Wa soarget foar wa yn ús mienskip. Wat dogge we mei minsken dy't der soms krekt wat bûten steane?"

(advertinsje)
(advertinsje)