Ek jildtekoart op Skylge: gemeente krijt begrutting net rûn

De gemeente Skylge krijt begrutting fan de kommende jierren net rûn. Net earder as nei 2021 ferwachtet de gemeente wer positive sifers skriuwe te kinnen. Skylge is de meast resinte yn in lange rige gemeenten dy't jildproblemen hat.
De flagge fan Skylge © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De gemeente besuniget de kommende jierren, mar hat dan noch wol flinke tekoarten. Dêrom moat it eilân in berop dwaan op de algemiene reserve. Dat Skylge de kommende jierren jildtekoart hat, komt troch lêsten út it Eilânakkoart.
Dêrnjonken hat de gemeente ek ekstra kosten fan de FUMO en it sosjaal domein, mar dat ferwachtsje se opfange te kinnen. Sa wurde de toeristebelesting en de ôffalstoffeheffing yn 2020 ferhege, lykas de ûnreplikesaakbelesting.