Aksjes oankundige by FrieslandCampina troch diere-aktivisten

Aktivisten wolle no freed 4 oktober, dieredei, aksjefiere by it haadkantoar fan FrieslandCampina yn Amersfoort. De demonstranten wolle dat de suvelfabrikant kij ferfangt troch plantaardige produkten, om sa it klimaat en de bisten te sparjen.
Friesland Campina © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De demonstraasje is in inisjatyf fan de stichting Even Geen Vlees, en wurdt stipe troch in grut tal bistewolwêzensorganisaasjes. De dielnimmers binne fan doel om protestbuorden en flyers mei te nimmen. Ek sille foarbygongers bylden sjen út in koweslachthûs. De aksjefierders wolle omtinken freegje foar it wolwêzen fan kij, mar ek foar de ympakt dy't de suvelyndustry hat op it klimaat.
De aksjegroep demonstrearre earder ûnder oare tsjin de jierlikse barbecue fan de Twadde Keamer.