Gemeente: wurk oan A32 by It Hearrenfean kin trochgean, nettsjinsteande stikstof

03 okt 2019 - 10:57

Wurk oan de op- en ôfritten fan de A32 by It Hearrenfean kin neffens de gemeente trochgean. De op- en ôfritten moatte flotter en feiliger wurde. Oanlieding is de grutte drokte yn de moarns- en jûnsspits.

Foto: Google Streetview

It wurk oan de dyk heart by it projekt 'Heerenveen beter bereikbaar'. Der is berekkene hoefolle stikstof oft der frijkomt by it wurk. Nei ferwachting kin it wurk stikstofneutraal útfierd wurde, skriuwt de gemeente. Dêrom hat de gemeente de opdracht ferliend. It bedriuw BAM Infra sil it wurk dwaan.

De kommende moannen steane yn it ramt fan it definitive ûntwerp en de tarieding op de wurksumheden. It wurk oan de op- en ôfritten fan Hearrenfean-Sintrum en de K.R. Poststrjitte start nei ferwachting yn de maitiid fan 2020.

(advertinsje)
(advertinsje)