Mooglik nije turnhal op It Hearrenfean

03 okt 2019 - 10:44

Der wurdt mooglik in nije turnhal boud op It Hearrenfean. De gemeente Hearrenfean, de direksje fan sportstêd en fertsjintwurdigers fan Topsport Noord jouwe dêr tongersdeitejûn yn in parsekonferinsje mear ynformaasje oer.

Foto: Orange Pictures

Neffens de koarte ynformaasje dy't jûn is, is de bou fan in nije turnhal needsaaklik foar de takomst. Sportstad Heerenveen is in offisjeel olympysk trainingssintrum fan it NOC*NSF.

Yn 2003 is úteinset mei de bou fan it hjoeddeistige turnkompleks fan Sportstad Heerenveen, dit is yn 2006 yn gebrûk naam. Yn it gebou sit ûnder oare ek noch in swimbad.

Earder dit jier hat ûnder oare sportorganisaasje Topsport Noord yn de LC oanjûn dat der behoefte is oan in twadde turnhal. "Het is een mooie hal, maar wij barsten uit onze voegen", sei Sportstad-direkteur Rinse Bleeker yn maaie tsjin de krante. "Met een tweede hal kan het turnen naar een nog hoger niveau worden gebracht. Topsporters kunnen er 24/7 terecht."

Mei in nije turnhal krije de Nederlânske topturners in optimale trainingsfasiliteit, sa stiet yn de útnûging foar de parsekonferinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)