Partij voor de Dieren: 'Maatregels foar bistewolwêzen helpe boeren ek'

03 okt 2019 - 10:19

De provinsje moat der by de Ryksoerheid op oantrúnje dat der maatregels komme foar it bistewolwêzen yn de feehâlderij. Dat fynt de Steatefraksje fan de Partij voor de Dieren yn Fryslân.

Foto: NVWA

Steatelid Rinie van der Zanden makket har soargen: "We branden staarten van varkens en horens van koeien. Kippen staan in hun eigen poep." Se wol dat bij nije stâlen en de ferbou fan stâlen it ferlet fan it dier liedend is. "Nog steeds worden dieren aangepast aan hun stallen, terwijl dat niet nodig. Het is tijd dat we als provincie zelf actie ondernemen."

'Sûne feesteapel helpt boer ek'

It fertsjinmodel dat basearre is op allinnich mar groeien wurket net mear, neffens de partij. "De gangbare boer is geen blije boer meer. Hij voelt zich steeds meer aangevallen door de maatschappelijke druk. En als klap op de vuurpijl hebben we nu de PAS-ellende." In sûne feesteapel helpt de boer ek, neffens de partij. "Dierenwelzijn is geen kostenpost meer, maar een verdienmodel."

Yn 2001 en 2002 waard yn de nota Dierenwelzijn oankundige dat der mear rekken holden wurde moat mei it ferlet fan bisten. Mar in protte maatregels binne noch net útfierd. Dêrom wol de Partij voor de Dieren no dat de provinsje Fryslân der by de Ryksoerheid op oantrunet dat dy doelen út de nota dochs helle wurde. Foar't it safier is, wol de partij ek dat der gjin nije stâlen of útwreidingen komme wêrby't de bisten oanpast wurde oan it stâlsysteem.

(advertinsje)
(advertinsje)