Bliid dat Bolletongersdeimerk yn Boalsert trochgean kin

03 okt 2019 - 10:05

Blydskip by de organisaasje fan Bolletongersdei: nei de problemen mei de ûnstabile toer op it stedhûs wiene se eefkes benaud dat de jiermerk miskien net trochgean koe. De stands steane nammentlik deun njonken it stedhûs.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld by Bolletongersdei

Lokale lekkernijen, klean, húshâldlik guod wurde tongersdei allegearre ferkocht by de Bolletongersdei yn Boalsert. Merkmaster Vonk is bliid, no't er de standsjes stean sjocht: "Het was in het begin van de week onduidelijk of we de locatie wel konden gebruiken." Yn oerlis mei projektlieders en de oannimmer waard dochs grien ljocht jûn oan de tradisjonele merk.

Om njoggen oere is de merk úteinset. Bolletongersdei is foar de stêd in wichtige dei, fertelt Robbie fan de organisaasje: "It binne dè feesten fan Boalsert, tegearre mei de Heamieldagen."

Trefwurden: 
Boalsert Bolletongersdei
(advertinsje)
(advertinsje)